Debat kandidaten KH 2018

04 maaie 2012 - 15:51

Der komt in debat tusken de fiif stêden dy't har kandidaat steld hawwe foar Kulturele Haadstêd 2018. It debat is no woansdei, op de Dei fan Europa.

Ljouwert praat mei Den Haach, Eindhoven, Maastricht en Utrecht oer fragen as wat kultuer foar Europa betsjut en wat je as kulturele haadstêd bydrage kinne oan de fernijing fan Europa. It debat is yn Den Haach en wurdt iepene troch demissionêr steatssiktaris Ben Knapen fan bûtenlânske saken.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)