Striid om 'leukste útstapke'

Dieretún Aqua Zoo by Ljouwert, it Planetarium yn Frjentsjer en in dei nei It Amelân binne neffens de ANWB de leukste útstapkes yn Fryslân. Dat docht bliken út ûndersyk ûnder 50.000 ANWB-leden. Oer trije wiken wurdt bekend hokker fan de trije gadingmakkers de titel 'leukste Fryske útstapke yn 2012' krijt.
Yn de lanlike top trije komme gjin Fryske parken foar. Dêr stride attraksjepark Toverland, de Efteling en Ouwehands Dierenpark om de titel.