'Kunduz' kostet Fryslân jild

04 maaie 2012 - 12:49

Fryslân rint miljoenen euro's mis, no't de provinsje de opbringst fan de ferkeap fan de Nuon-oandielen ferplichte by de skatkist ûnderbringe moat. De maatregel stiet yn in akkoart dat it regear ferline wike sletten hat mei D66, Grien Links en de ChristenUnie.

Provinsjes moatte 'oerstallich' jild parkeare by it Ryk. Se fertsjinje der sa minder oan as wannear't se it op de merk op rinte sette. Omdat it om grutte bedraggen giet, skeelt it de provinsjes miljoenen.

Trefwurden: 
provinsje Kunduz Nuon
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)