SW-Fryslân op de fingers tikke

© Bewurking Omrop Fryslân
De gemeente Súdwest-Fryslân is net goed omgien mei in klacht fan in ynwenner oer lûdsoerlêst. Dat seit de Nationale Ombudsman. De man hie klage oer it leven dat syn buorman makke. De gemeente woe net in trajekt fan beswier en berop begjinne, omdat soks te belêstend wêze soe foar de man. Dy fielde him dêrtroch net serieus naam.
Neffens de Ombudsman hat de gemeente Súdwest-Fryslân de yndruk jûn partij te kiezen foar de klussende buorman. De gemeente soe de klacht noch yn behanneling nimme moatte, fynt de Ombudsman.