Frou bellet meldkeamer plat

04 maaie 2012 - 10:31

In 51-jierrige frou fan Flylân hat de meldkeamer Noard-Nederlân woansdeitenacht hannen fol wurk besoarge, troch hieltiten mei 112 te beljen. De frou hie trije telefoans, dêr't se hieltiten mar wer mei belle, wylst der neat oan de hân wie.

Plysjes op it eilân giene nei de frou ta, mar se wegere de doar iepen te dwaan. De plysje ha de doar doe iepenbrutsen om der yn te kommen. Se ha alle telefoans yn beslach naam. De frou hat in proses-ferbaal krigen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)