Oppakt om wapen en drugs

04 maaie 2012 - 10:15

De plysje hat tongersdeitenacht op It Hearrenfean trije manlju oanhâlden fanwege it besit fan in wapen en drugs.

Op it Geerts Willigenplein seach de plysje in auto mei twa manlju deryn. Der kaam letter in fytser by de auto stean. By in kontrôle die bliken dat de fytser in grut mes by him hie. De mannen yn de auto hiene drugs by har. De trije binne oanhâlden en nei it plysjeburo brocht. De drugs, de auto en it mes binne yn beslach nommen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)