Wurk kademuorre kin wer los

03 maaie 2012 - 22:12

De renovaasje fan 800 meter monumintale kade fan de Hearresleat yn it sintrum fan It Hearrenfean giet nije wike wer fierder. It wurk hat wiken stillein neidat bliken die dat it slaan fan de ankers foar tefolle trillingen soarge.

Ut angst foar skea is socht nei in oare metoade. Dy waard al frij gau betocht, mar dernei moasten de gemeente en de oannimmer noch útfjochtsje wa't der foar de ekstra kosten opdraaie soe. Uteinlik kostet it de gemeente no 350.000 euro ekstra. Yn desimber moat it wurk oan de kademuorre klear wêze.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)