Roompot Vakanties oernommen troch Frânske ynvestearders

10 aug 2016 - 14:18

Roompot Vakanties komt yn Frânske hannen. De hjoeddeistige oandielhâlders hawwe harren belang ferkocht oan de Frânske ynvestearder PAI Partners. Neffens Roompot, mei acht fakânsjeparken yn Fryslân, komt der mei de nije eigener jild frij om te ynvestearjen yn de fakânsjeparken en campings.

Ien fan dy campings is Boomhiemke op It Amelân. Dêr is opskuor ûntstien om't hast twahûndert steancaravans plak meitsje moatte foar nije fakânsjehúskes.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)