Keunstner makket skilderij út Clemenstsjerke opnij

De Amelanner keunstner Wim Kiewiet hat ien fan de skilderijen út de ôfbrânde Clemenstsjerke opnij makke. It giet om in alterstik dat de krusiging fan Kristus ferbyldet. It stik waard skildere nei foarbyld fan in skilderij fan de bekende keunstner Hendrick ter Brugghen, dat yn in keunstmuseum yn New York hinget.
Dat skilderij waard yn 1620 makke, wannear't de Amelanner fersy makke is en troch wa is net dúdlik. Wim Kiewiet hat it orizjineel brûkt as foarbyld foar de nije fersy. Dy is hast klear en sil in plak yn de nije tsjerke krije.