Tentoanstelling Sexy Ceramics yn it Princessehof

10 aug 2016 - 10:15

Dichter des Vaderlands Anne Vegter sil spesjaal foar de tentoanstelling Sexy Ceramics fan keramykmuseum Princessehof yn Ljouwert in eroatysk gedicht skriuwe. It museum presintearret fan 27 augustus ôf in tentoanstelling oer erotyk yn de keramyk.

It gedicht krijt in prominint plakje yn de eksposysje. By de iepening sil Vegter it gedicht sels foardrage.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)