Kollum: ''Dokkum''

10 aug 2016 - 08:46

Eelke Lok fan De Gaastmar wurke 40 jier foar Omrop Fryslân en waard ûnder oaren bekend troch it politike praatprogramma ‘It Wapen fan Fryslân’ op de radio en ‘Gewest Fryslân’ op televyzje. Al jierren fersoarget hy kollums op de radio. De kollums fan Eelke kinne oeral oer gean: Fryslân, sport, polityk, kultuer of wat him ek mar opfallen is. Al syn kollums binne te finen op syn side eelkesweblok.nl.

''We binne fansels hielendal op de hobbel. As we net yn Turkije sitte mei fakânsje, dan sitte we yn de sport. Earst tocht ik noch by it EK fuotbaljen en de Tour, dat de lju dy’t it almar hiene oer in sportgoarre, wat oerdreaun diene. Mar no’t we midden yn de Olympyske Spultsjes sitte en yn de Fryske hichtepunten dy’t we ek sport neame en breedút oer de provinsje útwaaie litte, ja no is it in sportgoarre. Dy ûntstiet fansels yn de media. Dy soargje derfoar dat wy nearne oars mear omtinken foar ha. Wat ynteressearret it jim dat der noch diskusje oer wynmûnen is op guon plakken, as ús eigen giseljende mûne Epke Zonderland noch safolle dagen foar syn sûnder mis gouden rekoefening no mei Yuri yn de mage sit. 

Wat kin it ús no skille dat Achtkarspelen noch lang gjin kolleezje hat, wylst we ek nijs krije kinne wat de mem fan Marrit Bouwmeester tinkt as Marrit fjirde stiet. Lju dy’t har libben lang op It Amelân yn in steancaravan stien ha, kin no gjin plak mear krije. Wat soe it. Der sit ommers yn it nasjonale frouljufollybalteam sûndermis immen dy’t wolris yn Fryslân te silen west hat. Ja fansels, as de provinsje seis ton bybetelje moat by de oardel miljoen dy’t se al joegen om yn Wânswert dochs in rûnwei te krijen (en elk doarp yn Fryslân hat rjocht op in rûnwei, Wânswert ek), mar om't de gemeente Ferwerderadiel de sinten net foar elkoar krije koe fanwege de fúzje mei Dokkum, dat is allegearre wol slim, mar dat wol efkes net ien witte, want oooo wat moai, dy tút fan in Dokkumer jonge as in frommeske hurdfytsgoud wint. In Dokkumer jonge. Mei in tút. Oooh.

Dokkum. Do neamdest Dokkum. Ja. Is dêr net wat mei it sikehûs? Ja, en dat mei net ta ûnder gean yn de sportgoarre. Sikehûs De Sionsberg. Jierrenlang it mikpunt fan geâldehoer. It is troch minder goed belied en te hege kosten wat útelkoar skuord. Mar úteinlik is der wat útkaam. It waard sa regele dat it in soarte polyklinyk wie mei in hiel soad ôfdielingen. Yn soarchtaal: anderhalvelijnscentrum met polikinische zorg waarin de huisarts als hoofdbehandelaar centraal staat. Eins wie elk wat ûntefreden, net in folslein sikehûs, mar alla, sa dan mar. En no hat de syktekostefersekering De Friesland ynienen sein, we wolle it kontrakt mei Sionsberg wer ferbrekke. Want se sizze dat de ôfdielingen net goed gearwurkje en dat de sûnenssoarch yn Noardeast-Fryslân der ûnder te lijen hat. Dat mei se fine, mar je meie dan net daliks ûnder in noch mar krekt skreaun kontrakt útwâdzje. Of it is sa slim, mar dan moat der moarn wat barre, en net oer in pear moanne.

Mar der wie wat oars opmerkliks. De reaksjes. Ja fansels, it hiele Red Sionsberg komitee komt wer op de lappen, aksje aksje. Mar je hearre ek lûden, dat mei ús syktekostefersekering De Friesland dochs net dwaan. Sels de polityk begûn him der al mei te bemuoien. Mar dan kom je op in wankel balkje fansels. Want wy ha neat te sizzen oer in soarchfersekerder. Dy is sels baas. Sels sa folle baas dat se it lot fan sikehuzen yn hannen ha. De provinsje is net baas oer De Friesland. Dy’t trouwens ek wol yn oare provinsjes wurket. Dat is it gebrûk wat wy der wer fan meitsje kinne. Dy moat je tsjinelkoar útspylje. Sionsberg moat gewoan mei in oare fersekering in kontrakt meitsje, en dan moat je tagelyk de hiele befolking fan Noardeast-Fryslân oersette litte. Dan giet it wol wer in pear jier. Krekt as dat gedoch wat je ha mei de enerzjy lju, elk jier feroarje. 

De Friesland lit it safier net komme. Der komme petearen en alles komt wer goed. It wie gewoan bedoeld om de prosessen wat flugger gean te litten. Want de soarch dy’t boppe de sportgoarre útgiet, is dat as we Dokkum folweardich bestean litte wolle en we respekt foar de noardeasthoeke ha, dan is in Sintrale As te min. Dokkum moat hoe dan ek yn elk gefal in anderhalfslijnscentrum oerhâlde, oars betsjut it allegearre hielendal neat mear. En dan is de gouden medalje fan dokter Epke hielendal neat mear wurdich.''

Trefwurden: 
De Toan fan Eelke Lok
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)