De 114e edysje fan de Freulepartij yn Wommels

10 aug 2016 - 07:59

De Freule, de wichtichste keatspartij yn it jier foar jonges tusken de 14 en 16 jier, wurdt woansdei tradisjoneel yn Wommels hâlden. It is mar leafst de 114e edysje. Foarich jier wûn Makkum de haadpriis. Der dogge dit jier 49 partoeren mei oan de Freule.

Mei de app Pixellot kin it sportevenemint streekrjocht folge wurde. Op it fjild wurde bylden makke fan de wedstriden. Brûkers fan de app kinne mei sjen en fideofragminten útknippe.

Hans Wassenaar

Ien fan de âld-winners fan de Feule is Hans Wassenaar. Hy wûn de keatspartij yn 2007. Dêrnei pakte er ek noch de Jong Nederland en ôfrûne woansdei wie er kening op de PC.

Live-stream Freule

De freule is hjoed live te folgjen fia de live stream fan de KNKB: http://www.knkb.nl/pageid=14032/Livestream_Freule.html. 

De útslaggen binne ek te finen by de Omrop: http://www.omropfryslan.nl/simmer/sport/keatsen


 
Trefwurden: 
Freule keatsen Wommels
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)