''Van Gelder fertsjinnet help fan it turnbûn''

10 aug 2016 - 07:47

Yuri van Gelder fertsjinnet help en neisoarch fan it Nederlânske turnbûn. Dat seit Huite Zonderland, de heit fan Epke en ynterim-foarsitter fan it turnbûn KNGU, by de NOS. Hy neamt it fuortstjoeren fan Van Gelder in ramp.

Zonderland feroardielet it gedrach fan Van Gelder en neamt in nacht op stap in minne tarieding op de finale. Dochs hie Van Gelder tsjin himsels beskerme wurde moatten.

Mis neat fan de Olympyske Spelen: folgje ús liveblog en al it nijs op http://www.omropfryslan.nl/os of op de Omrop-app.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)