Turnfroulju wurde sânde yn Olympyske teamfinale

09 aug 2016 - 23:03

De Nederlânske turnfroulju fan bûnscoach Gerben Wiersma binne sânde wurden yn de finale fan de Olympyske Spelen. It wie foar it earst dat it Nederlânske team him pleatste foar de finale. It team bestiet út Sanne Wevers, Lieke Wevers en Céline van Gerner fan Sportstêd Hearrenfean en Vera van Pol en Eythora Thorsdottir.

Amearika waard sa as ferwachte Olympysk kampioen. Twadde waard Ruslân en Sina tredde. Nederlân bleau yn it klassemint Brazilië krekt foar.

Sanne Wevers helle op de balke in nij persoanlik rekôr mei 15.250 punten. 15 augustus is de finale op de balke.

Utslach fan de teamfinale:

1 Amearika 184.897
2 Ruslân 176.668
3 Sina 176.003
4 Japan 174.371
5 Grut-Brittannië 174.362
6 Dútslân 173.672
7 Nederlân 172.447
8 Brazilië 172.087

Mis neat fan de Olympyske Spelen: folgje ús liveblog en al it nijs op http://www.omropfryslan.nl/os of op de Omrop-app.
 

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)