Marshall en Peutz meitsje seleksje fan Aris kompleet

09 aug 2016 - 21:57

George Marshall en Eric Peutz meitsje de seleksje fan basketbalklup Aris Ljouwert kompleet. De 23-jierrige pointguard Marshall komt oer fan de South Dakota State University, dêr't er de lêste twa jier spile. Ofrûne seizoen waard George Marshall kampioen mei dy ploech. De 21-jierrige guard Eric Peutz komt oer fan Donar Grins. Hy wurdt sjoen as in talint.

Op 28 augustus begjint it coachduo Klaas Stoppels en Nanne Klompstra mei de tariedings foar it nije seizoen. Begjin septimber binne de earste oefenwedstriden yn Dútslân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)