Tsjûgen socht fanwege fernielings Bakkefean

09 aug 2016 - 21:47

De plysje siket tsjûgen dy't mear fertelle kinne oer de fernielings fan ôfrûne wykein yn it dúnsângebiet oan de râne fan natuergebiet Mandefjild by Bakkefean. Yn de nacht fan sneon op snein is in diel fan it terrasmeubilêr fan rekreaasjesintrum Dúndelle meinaam nei it dúngebiet en dêr yn de brân stutsen. 

In nacht letter binne by de tennisferiening twa folle konteners meinaam nei it dúngebiet en dêr yn de brân stutsen. Boppedat is mei in brommer op de tennisbaan omriden.

De plysje hat al kontakt hân mei tsjûgen, mar wol mei noch mear minsken prate.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)