"Swarte doaze yn auto hat gefolgen foar privacy bestjoerder"

As der in swarte doaze yn auto's komt, kin dat gefolgen hawwe foar de privacy fan bestjoerders. Dat seit Van der Hout fan in BMW-dealer op It Hearrenfean. Boppedat binne we der neffens him yn Europa technysk noch net klear foar.
In swarte doaze kin alle ynformaasje yn de auto ôflêze. Fleantugen hawwe se al jierren. Der binne plannen om swarte doazen yn Europa yn 2020 ferplichte te stellen yn nije auto's.
Yn Amearika binne autofabrikanten al twa jier ferplichte om nije auto's te foarsjen fan sa'n swarte doaze. Sân plysjeregio's yn Nederlân hawwe de apparatuer al yn 'e hûs om de doazen út te lêzen as der wat mei in auto bart, sa seit in wurdfierder fan de Nationale Politie tiisdei. Dêr heart de Plysje Noard-Nederlân net by.