Marit Bouwmeester kelderet yn klassemint nei it fyfde plak

Marit Bouwmeester yn aksje © ANP
Sylster Marit Bouwmeester is troch in minne tredde race fuortsakke nei it fyfde plak yn it klassemint. Bouwmeester waard fyftjinde yn race trije. Se hie in hiele minne start, pakte dêrnei wol wat plakjes, mar kaam net fierder as it fyftjinde plak. Letter tiisdei folget noch de fjirde race.
Mis neat fan de Olympyske Spelen: folgje ús liveblog en al it nijs op http://www.omropfryslan.nl/os of op de Omrop-app.