Pieter-Jan Postma fyftjinde yn klassemint op earste dei

Pieter-Jan Postma (argyffoto) © Robert Deaves/Finnklasse
Siler Pieter-Jan Postma stiet nei de twa races fan tiisdei yn de Finnklasse op de Olympyske Spelen yn Rio de Janeiro no op in teloarstellend fyftjinde plak yn it klassemint. By beide wedstriden gie Postma min fan start.
Yn de earste race kaam er as 18e by de earste boei. By de twadde boei klom er nei it 12e plak, mar by de tredde boei sakke er wer in plak. Hy waard úteinlik 14e.
Yn de twadde race klom Postma fan it 20e plake nei it 16e. Uteinlik waard er 13e.
Mis neat fan de Olympyske Spelen: folgje ús liveblog en al it nijs op http://www.omropfryslan.nl/os of op de Omrop-app.