Booster kin lêste twa dagen wer draaie, sa is it doel

09 aug 2016 - 17:20

De merke-attraksje Booster Maxxx yn Snits dy't snein stikken gie, is hast wer makke. Hy kin nei alle gedachten de twa lêste dagen wer draaie. Troch in steuring kamen sechstjin minsken yn de attraksje fêst te sitten. Se binne mei de skrik frijkaam.

Sûnt snein is der wurke oan de reparaasje. Omdat de gemeente Súdwest-Fryslân it sa sneu fûn foar de eigener fan de Booster Maxxx dat de attraksje stilstiet, krige dy tiisdeitemiddei by de útrikking fan de tradisjonele merkepublyksprizen in flesse bearenburch as treast.

Trefwurden: 
Booster Maxxx Snits merke
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)