Fjoertoer wurdt keunstattraksje yn keunstmoanne It Amelân

© Omrop Fryslân
De read-wite fjoertoer fan It Amelân wurdt yn de Keunstmoanne yn novimber ta in keunstwurk makke. Dan giet it net allinnich om de bûtenkant, de tolve ringen oan de binnenkant fan de toer wurde folle mei wurk fan in stik of tsien keunstners. Dat hat de organisaasje fan de keunstmanifestaasje bekend makke.
Keunstmaand Ameland  belibbet dit jier syn tweintichste edysje. It begjint op 5 novimber. Der is ek poëzy en muzyk.