Ynformaasjejûn Dronryp oer GHB

03 maaie 2012 - 20:31

Keatsferiening Sjirk de Wal fan Dronryp sil nije wike syn frijwilligers ynformearje oer GHB-gebrûk. De jûn wurdt hâlden nei oanlieding fan ynsidinten fan ferline jier. De frijwilligers dy't by de entree fan de merke stean wolle graach witte hoe't se herkenne oft ien GHB brûkt hat en wat se dwaan moatte as immen troch GHB út de tiid rekket. De eveneminteplysje is altyd tichtby en kin byspringe as dat noadich is.
De ynformaasjejûn wurdt fersoarge troch immen fan de EHBO en in arts. By de Rypster Merke binne sa'n 200 frijwilligers belutsen.

It feest begjint dit jier op tiisdei 29 maaie.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)