Aletta Jorritsma útskeakele by it roeien

Aletta Jorritsma
Aletta Jorritsma is útskeakele op de Olympyske Spelen by it roeien. Yn de twa-sûnder-stjoerfrou koe se har tiisdei fia de herkânsing noch pleatse foar de heale finale, mar tegearre mei Karien Robbers slagge de Nederlânske boat dêr net yn. Jorritsma en Robbers waarden fyfde. Se moasten by de earste trije einigje om de heale finale te heljen. Se komme no noch yn aksje yn de C-finale,
Aletta Jorritsma komt fan oarsprong fan Tsjummearum en wennet no yn Amsterdam. Se is ek noch reserve foar de Holland Acht. Dy helle moandeitemiddei de finale net, mar se kinne it noch wol helje yn de herkânsing.
Utslach herkânsing:
1 ROU
BERES Madalina
OPREA Laura
2 ITA
PATELLI Alessandra
BERTOLASI Sara
3 FRA
KOBER Noemie
LE NEPVOU Marie
4 CAN
MARTINS Jennifer
HARE Nicole
5 NED
ROBBERS Karien
JORRITSMA Aletta

6 BLR
FURMAN Alena
NIKULINA Ina
Mis neat fan de Olympyske Spelen: folgje ús liveblog en al it nijs op http://www.omropfryslan.nl/os of op de Omrop-app.