Survival op ûnbewenne eilân foar goed doel

Han Balink út It Hearrenfean wol him mei Bart van Borselen út Zeewolde yn septimber tsien dagen lang frijwillich opslute litte op in ûnbewenne eilân yn Yndonezië. De manlju nimme gjin ark, fjoer, iten en klean mei. By in outdoorpark yn Almere binne se no alfêst yn training, bygelyks yn it meitsjen fan fjoer.
Doel fan de aksje is jild ynsammelje foar The Hunger Project. Dat is in organisaasje dy't projekten opset om de honger út de wrâld te helpen. Se wolle de 10.000 euro helje. Dêrfan hawwe se no sawat de helte binnen.
De iennige konsesje dy't Balink en Van Borselen dwaan wolle, is it meinimmen fan in telefoan. Yn it úterste gefal kinne se alarm slaan en help freegje.
De earste opdracht op it eilân wurdt it bouwen fan in feilich sliepplak, it leafst in eintsje boppe de grûn, fier fan gefaarlike bisten. Dêrby binne se lykwols hielendal ôfhinklik fan wat se op it eilân fine. Hiel wichtich is ek it finen fan wetter. Bart hopet dat it genôch reine sil, mar oars sille se op in oare wize oan wetter komme moatte, bygelyks troch seewetter kondinsearje te litten.