Kâns om wynmûnepark Iselmar te kearen

09 aug 2016 - 14:35

Foarsitter Albert Koers fan de belangeferiening fan omwenners fan wynmûnen sjocht juridyske mooglikheden om it grutte wynmûnepark yn de Iselmar te kearen. Neffens him besteane der twifels oft de wjukken fan de wynmûnen wol heech genôch binne om beskerme fûgelsoarten lykas de swarte stirns net te bedriigjen.

De wjukken binne al fan 30 meter nei 40 meter hichte fan it wetter ôf brocht, mar neffens guon natuer- en miljeuorganisaasjes is dat net heech genôch om saneamde 'aanvaringsschade' foar te kommen.

Mocht de rjochter der yn meigean, dan moat de hiele proseduere mooglik op 'e nij dien wurde of moat der nei alternativen socht wurde. Yn dat gefal bestiet de mooglikheid neffens Koers dat de wynmûnen dochs op it lân komme.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)