Noch gjin omjouwingsfergunning nije bioskoop Ljouwert

© ANP
De bou fan in Pathé-bioskoop by stedsskouboarch de Harmonie yn Ljouwert kin ien fan de besteande bioskopen yn de stêd de kop kostje. Dat tinkt de Ried fan Steat. Dy hat dêrom bepaald dat der foarearst gjin omjouwingsfergunning foar de nije bioskoop oanfrege wurde mei.
Earst moat de boaiemproseduere tsjin it nije bestimmingsplan foar de bioskoop behannele wurde. Dat wurdt yn septimber of oktober dien. De boaiemproseduere is troch de besteande bioskopen oanspand, it giet dan om Tivoli en Cinema oan de Nijstêd.
Yn de nije bioskoop komme sân sealen mei sa'n 1200 stuollen.