Drinkeling út Noardsee rêden

KNRM
Helptsjinsten hawwe tiisdeitemiddei in man út it wetter fan de Noardsee rêden. De man wie tusken Flylân en Skylge troch noch ûnbekende oarsaak oerboard fallen. De helptsjinsten rukten manmachtich út en wisten de drinkeling binnen in healoere út it wetter te heljen. It slachtoffer is nei de wâl brocht en dêr troch meiwurkers fan in ambulânse ûndersocht. De man is mei de skrik frijkaam.