In protte cranberrys op Skylge dit jier

Cranberrys
De opbringst fan de cranberrys op Skylge is dit jier twa kear sa grut as ferline jier. Dat komt troch maatregels dy't naam binne, doe't it der ferline jier net sa goed út seach foar de cranberryplanten op it eilân.
Der binne in soad stekjes oerset nei oare stikken grûn op it eilân. Dat hat goed útpakt, mar de gruttere opbringst hat der foaral mei te krijen dat it waar goed west hat foar de groei fan de cranberrys. It giet om likernôch tachtich ton oan cranberrys tsjinoer fjirtich ton ferline jier.