Keunst ûnder Ljouwerter brêge

It spandoek
Minsken dy't op de Tesselschadestrjitte yn Ljouwert foar de Verlaatsbrêge wachtsje moatte, hawwe tenei in bysûnder útsicht. Under de brêge hinget in grut spandoek mei dêrop in keunstwurk fan studinten fan de NHL Hegeskoalle.
It keunstwurk is makke troch Petra Tjepkema en Anna Richtje Hogenhuis en hat as tema ''mienskip'. It wurk bestiet út in oersjoch fan bekende gebouwen yn Ljouwert. Neffens de inisjatyfnimmer, de Ljouwerter keunstner Koos Reinsma, it is doek fan hast 16 by 8 meter it grutste dat ea ûnder in brêge ophong is.
De gemeente wol yn de rin fan 2018, it jier dat Ljouwert Kulturele Haadstêd is, ûnder mear brêgen bysûndere ôfbyldings ophingje.