KNVB: nuvere posysje It Fean

03 maaie 2012 - 17:42

It fuotbalbûn KNVB fynt ek dat SC Hearrenfean troch it play-off-systeem yn in ûnmooglike posysje sit. De klup mei snein eins net gelyk spylje, want dan ferspylje se mooglik it 4e plak oan AZ. By winst of ferlies snein tsjin Feyenoord sitte se wol goed.

De KNVB erkent dat it net ideaal is, mar dat it in gefolch is fan it play-off-systeem sa't dat meielkoar ôfpraten is. Se binne wol fan plan om dit aspekt mei te nimmen yn de evaluaasje.

De KNVB fynt dat der foar It Fean wol deeglik noch wat op it spul stiet, want as se mei 6-0 fan Feyenoord winne, wurde se sels noch twadde. En by in lytsere oerwinning hoege se pas trije wike letter de earste wedstriid te spyljen en ha se dus mear tariedingstiid. De KNVB giet der fan út dat de wedstriid sportyf ferrinne sil en stjoert ek gjin ekstra waarnimmers.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)