Dief sûnder rydbewiis rydt mei stellen bûtenboardmotor

09 aug 2016 - 10:00

De plysje hat tiisdeitemoarn in 51-jierrige Ljouwerter oanhâlden dy't earder yn de nacht yn Earnewâld in bûtenboardmotor stellen hie. In tsjûge hie de auto fan de fertochte sjoen en de plysje warskôge. Dy seach de auto mei deryn de stellen bûtenboardmotor riden en sette de bestjoerder oan de kant.

De Ljouwerter ried wylst syn rydbewiis yn beslach naam wie. De man moast boppedat noch 28 dagen de sel yn en hie noch in boete fan 336 euro iepenstean. Betellet hy dy boete net, dan moat de man nochris fiif dagen de sel yn.

Trefwurden: 
stellerij bûtenboardmotor
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)