Parkeargaraazjes Q-Park yn de ferkeap

09 aug 2016 - 08:53

Q-Park, de grutste eigener fan parkeargaraazjes yn Nederlân, giet yn de ferkeap. Dat skriuwt De Telegraaf. It bedriuw hat yn Fryslân P&R-parkearterreinen by stasjons yn Ljouwert, Bûtenpost, It Hearrenfean en Wolvegea. Q-Park hat in pear grutte oandielhâlders en in pear fan harren wolle no fan harren ynvestearring ôf.

De bank JP Morgan is oannaam om de ferkeap te begelieden en nije oandielhâlders te sykjen. De oandielen fan Q-Park soene hûnderten miljoenen euro's wurdich wêze.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)