Mei de app Freule-keatspartij folgje

08 aug 2016 - 21:00

Foar keatsleafhawwers dy't woansdei net by de Freulepartij yn Wommels wêze kinne, is der in oplossing. Mei de app Pixellot kin it sportevenemint streekrjocht folge wurde. Op it fjild wurde bylden makke fan de wedstriden. Brûkers fan de app kinne meisjen en fideofragminten útknippe. Sa kin bygelyks in boppeslach op Facebook set wurde.

Mei de app wurdt besocht jongerein tichterby de sport te bringen. Neffens bestjoerslid Douwe Kooistra fan Keatsferiening Wommels moat der mear libben yn de sport komme. De Freule is no woansdei.

Mear ynformaasje oer de app kin fûn wurde op de website fan it keatsbûn: http://www.knkb.nl/pageid=14032/Livestream_Freule.html

Trefwurden: 
Freule app keatsen
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)