Marit Bouwmeester twadde nei earste dei

08 aug 2016 - 20:56

Marit Bouwmeester stiet nei de earste dei twadde yn it klassemint. De sylster waard yn de earste race sechsde en yn de twadde race fyfde. Dêrmei hat se alve punten, fjouwer punten mear as de nûmer ien, de Sinese Xu.

Yn de Laser Radial Klasse begûn Bouwmeester min yn de earste race en moast se oan in ynhelrace begjinne. Se klom fan it 18e nei it sechsde plak. Yn de twadde race lei se by de earsten, mar krige se in giele flagge. Dêrtroch sakke se nei in achtste plak, wat se letter wer ophelle nei it fyfde plak.

Stân nei twa races (fan 10 en medalrace):

1 CHN XU Lijia 7
2 NED BOUWMEESTER Marit 11
3 DEN RINDOM Anne-Marie 14
4 IRL MURPHY Annalise 15
5 BEL VAN ACKER Evi 15
6 AUS STODDART Ashley 15
7 USA RAILEY Paige 17
8 ARG FALASCA Lucia 19
9 CZE KOZELSKA FENCLOVA Veronika 19
10 FIN TENKANEN Tuula 21
11 CRO MIHELIC Tina 22
12 SWE OLSSON Josefin 23
13 GBR YOUNG Alison 31
14 BLR DROZDOVSKAYA Tatiana 34
15 BRA DECNOP Fernanda 34

Mis neat fan de Olympyske Spelen: folgje ús liveblog en al it nijs op http://www.omropfryslan.nl/os of op de Omrop-app.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)