Marrit Steenbergen útskeakele op de 200 meter wikselslach

Marrit Steenbergen yn aksje © ANP
Marrit Steenbergen is útskeakele op de 200 meter wikselslach. In har searje einige ze mei in tiid fan 2.16,56 as fyfde en 34e yn it klassemint. Dêrmei pleatste se har net foar de heale finale.
Steenbergen moast by de bêste sechstjin sitte om har te pleatsen foar de heale finales, mar dat slagge lang net. Har persoanlik rekôr is 2.14,02, dus har tiid foel ôf.
De 200 meter wikselslach is it iennige yndividuele ûnderdiel dêr't de 16-jierrige Steenbergen oan meidocht. Letter komt se ek noch yn aksje op de 4x200 meter frije slach.
Mis neat fan de Olympyske Spelen: folgje út liveblog en al it nijs op http://www.omropfryslan.nl/os of op de Omrop-app.