Roeister Aletta Jorritsma nei herkânsings

08 aug 2016 - 17:39

Roeister Aletta Jorritsma is der yn Rio net yn slagge de heale finale te heljen. Yn de twa-sûnder-stjoerfrou waard se tegearre mei Karien Robbers fyfde en lêste. De earste trije yn in fjild mei fiif ploegen gean troch nei de heale finale. De Britten waarden earste, foar de Denen en de Dútsers. Nederlân waard op 't lêst noch ynhelle troch Kanada en einige op grutte efterstân fan de nûmer trije. Tiisdei binne de herkânsings foar Jorritsma en Robbers.

Aletta Jorritsma komt fan oarsprong fan Tsjummearum. Se is ek noch reserve foar de Holland Acht. Dy helle moandeitemiddei de finale net, mar se kinne it noch wol helje yn de herkânsing.

Mis neat fan de Olympyske Spelen: folgje ús liveblog en al it nijs op http://www.omropfryslan.nl/os of op de Omrop-app.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)