Het Friese Paard yn Wolvegea fiert jubileum mei nije priis

08 aug 2016 - 16:53

Fokferiening Het Friese Paard Wolvega fiert takom wykein it 65-jierrich jubileum mei in nije priis. Dy is ornearre foar de bêste jonge fokker fan dit jier.

It Fryske hynder is populêr, ek by jonge fokkers. Der wurde wol in soad Fryske hynders nei it bûtenlân ferkocht, mar de measte fokkers yn Fryslân hâlde de bêste merjes foar de fokkerij. Freed en sneon is yn Wolvegea de jierlikse fokdei fan de feriening.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)