Monumint foar oarlochsbern

03 maaie 2012 - 16:58

Nei jierren fan organisearjen is tongersdei in grêfmonumint op it RK tsjerkhôf op It Hearrenfean ûntbleate. De stien is foar tolve hongerevakuees út Limboarch, dy't hjir yn 1945 kamen, siik waarden, en ferstoarn binne. De bern hawwe dêrnei in anonym grêf krigen.

De bern binne no út de anonimiteit helle troch in boek fan skriuwer Eddy van Noord en Theo Willemsen fan de histoaryske feriening RURA út Roermond. Op it monumint steane de nammen fan de bern en in gedicht fan bernedokter Bonne Dykstra.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)