Unrêst by C1000 winkels

03 maaie 2012 - 12:40

Der is flinke ûnrêst by eigeners fan Fryske C1000's oer de oerstap dy't se meitsje moatte nei de supermerkketens Jumbo, Albert Heijn of Coop. By in soad is ûndúdlik wat de nije formule krekt wurdt en wa't opdraait foar de kosten fan de ombou fan de winkels.

Wat it ekstra pynlik makket is dat guon winkels krekt lyn foar flinke bedragen oanpast binne om oan de nijste C1000 formules te foldwaan. Dy ynvestearing liket no fuortsmiten jild.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)