Skilderijen op strân Harns

Keunstskilder Dirk Hakze is de kommende twa moanne drok oan it wurk mei in nij projekt op it strân fan Harns. It projekt Colours of Music bestiet út 57 panielen dy't yn in sirkel op it strân stean en troch de keunstner beskildere wurde.
Hakze wurket al hiel lang mei dit konsept. Hy skilderet op muzyk. Dit kear op muzyk fan de 1e symfony fan Mahler. Hakse wol mei dit projekt moderne klassike muzyk yn de skilderkeunst yntegrearje. Hy hat dit ek op de Waadelânnen dien. As dit klear is giet hy op toernee troch Nederlân en Dútslân.