Ungelok: partij hout op de dyk

In 42-jierrige Jouster is woansdeitemoarn by Skarsterbrêge mei syn bestelbuske oer de kop flein. Dat barde doe't er de kontrôle oer syn oanhinger ferlear. De lading, in partij hout, bedarre foar in part op de dyk, en dat soarge foar in protte fertraging op de A6.
De bestjoerder is út foarsoarch meinommen nei it sikehûs, mar hy mankearde neat. De plysje tinkt dat de oanhinger te swier wie, en dat it hout net goed fêstsetten wie.