Brânstifting yn Burgum

03 maaie 2012 - 10:16

Op trije plakken yn Burgum is ôfrûne moandei besocht brân te meitsjen. De earste kear wie middeis om in oere as trije yn in garaazjeboks oan de Trambaan. Twa jonges fan in jier as 14 binne dêr by sjoen.

Letter nachts is wer brân stifte, op de JD de Vriesstrjitte en de Noardersingel. Ek hjir binne wer jongeren sjoen, dy't dêr mooglik ferantwurdlik foar binne. De plysje is op syk nei dizze jongeren.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)