Gruttere tinte Glemmerbeach hat noch plak op freed

In eardere edysje fan Glemmerbeach © Harrie Muis
Der binne noch kaarten foar de freedtejûn fan it strânfestival Glemmerbeach, ein augustus op De Lemmer. Dat komt omdat de organisaasje yn oerlis mei de gemeente De Fryske Marren it festivalterrein grutter makke hat. Dêrtroch kin der in gruttere tinte delset wurde, dêr't mear minsken yn kinne. De organisaasje hat dat inisjatyf naam, omdat de freedtejûns al hiel gau útferkocht wie.
Op freed 26 augustus trede Marco Borsato, Twarres, De Kast en Liptease op. De tongersdeitejûns spilet ûnder oare Kensington en op de lêste jûn Miss Montreal.