Stedslânbou by Snits

© Omrop Fryslân, Freya Zandstra
Lânboubedriuwen yn 'e buert fan Snits moatte harsels better op de kaart sette. Dat sizze ferskate bedriuwen dy't har feriene hawwe yn de organisaasje Stadslandbouw Harinxmaland. Oan de noardkant fan Snits komt de nije wyk Harinxmaland en de boeren dy't hjir flakby wenje wolle hjir goed op ynspylje.
De ûndernimmers wolle harren produkten safolle mooglik lokaal besykje te ferkeapjen en de bedriuwen hawwe dêrom mei-elkoar in netwurk opsetten.