Oldtimers ride troch Fryslân

Automobilisten moatte de kommende dagen net ferheard opsjen as se ynienen in kolonne âlde Singers tsjinkomme. In Singer is in Ingelsk automerk. Eigeners fan 40 fan dizze oldtimerauto's meitsje dizze wike in toer troch Nederlân en hjirby dogge se de kommende dagen Fryslan oan.
De dielnimmers komme út binnen- en bûtenlân en se oernachtsje oan board fan fjouwer tradisjonele sylskippen.