Meifaller foar Empatec

© Omrop Fryslân, Remco de Vries
De miljoenebesuniging op de sosjale wurkplakken, dy't foar dit jier pland stie, giet net troch. Dat hat it ministerearje fan finânsjes woansdei bekend makke.
Dat betsjut goed nijs foar sosjale wurkfoarsjenning Empatec, dat no in meifaller fan 1,2 miljoen euro hat. Hoewol dat oan it belied net in soad feroarje sil, jout it de ynstânsje benammen romte om minsken mei in arbeidsbeheining op in goeie wize wer oan regulier wurk te helpen.