Sportfjilden De Fryske Marren krije opknapbeurt

08 aug 2016 - 12:33

Ferskate sportfjilden yn de gemeente De Fryske Marren krije dizze simmerfakânsje in opknapbeurt. Sa binne de oefenfjilden fan fuotbalclub Renado yn Sint-Nyk opnij ynsiedde. De fjilden kinne sûnt ferline wike wer brûkt wurde. Om't yn Sint-Nyk in soad skea wie oan de gersfjilden troch larven, binne dy op biologyske wize bestriden.

Fierder wurdt ek de oefenhoeke fan Dolsterhuzen renovearre. En der is nij gers kaam op it haadfjild yn Bakhuzen, mar dat hat noch efkes tiid nedich om te groeien. De gemeente besproeit en bedonget it fjild ekstra faak om de groei te stimulearjen. De hockeyers op De Jouwer kinne yn it nije seizoen gebrûk meitsje fan in keunstgersfjild. Nije wike komt it keunstgers deryn, fan begjin septimber ôf kin der op it fjild spile wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)