Skipper mei drank op ramt wâl: passazjiers ferwûne

© ANP XTRA
In 31-jierrige man út Assen is dit wykein ûnder ynfloed fan alkohol mei syn speedboat op de basaltblokken yn de Goaiïngarypster Puollen by Terherne fearn. Der sieten seis passazjiers yn de boat, dy waarden troch de klap út it fartúch slingere. Se kamen yn it reid telâne. Twa fan harren moasten troch in dokter behannele wurde. Ek de boat sels kaam troch de klap op de wâl telâne. De Assenaar hat in proses-ferbaal krigen.