UPDATE: brân wenboat mooglik oanstutsen

08 aug 2016 - 09:45

In wenboat is moandeitemoarn swier skansearre rekke troch in brân. Dat barde oan de Harnzertrekwei yn Ljouwert. De plysje hâldt der rekken mei dat der ynbrutsen is en dat de brân oanstutsen is. Sy sykje tsjûgen.

Foarbygongers ûntdutsen de brân om sân oere hinne en warskôgen de brânwacht. Doe't dy by de boat kaam, sloegen de flammen al út in lûk yn it dak. De brânwacht hat in doar iepenbrutsen om de brân út te meitsjen. Dêrnei wie it fjoer gau út. De bewenner fan de boat wie op it momint fan de brân net thús.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)