Kollum: "Sportstumper"

De Toan fan Nynke van der Zee © Omrop Fryslân
Nynke van der Zee fan Aldegea (Smellingerlân) is freelance-tekstskriuwer en ek wurket sy geregeld as buroredakteur op de redaksje fan Omrop Fryslân. Nynke skriuwt kollums sa’t sy sels is: nuchter, mar eins altyd mei in knypeach. Se is te folgjen op har webside www.nynketxt.nl.
Ofrûne woansdei wie it Superwoansdei. De dag die je wist dat zou komen. In dei fol Fryske sport: de PC, it skûtsjesilen en it konkoers hippyk yn Bûtenpost. En dus hie ik de radio de hiele dei oan. En foar it earst snapte ik hoe't Hollanners har fiele moatte as se hjir op fakânsje binne. Se hearre ús wol, mar se ferstean ús net. No, dat hie ik ôfrûne woansdei dus ek.
De dei begûn fansels mei it keatsen yn Frjentsjer. Ik mei dan hikke en tein wêze yn Fryslân, ik snap noch altyd neat fan de keatssport. Dus doe’t Geert en Hijlko yn de útstjoering kamen, begûn foar my de geheimtaal. De mannen hiene it oer in skjinne fiif, alles oan de hang, seis om ‘e neat, spul om’t earst, triktraksituaasjes en sitballen tsjin de kwea oan. Gjin flau idee wat dit allegear betsjut. Krekt as dy Hollanners: ik hear it wol, mar ik ferstean it net.
En doe kaam dêr de middeis fan twa oere ôf fansels it skûtsjesilen by. No dat kin net sa dreech wêze soedest tinke, want dêr giet it der gewoan om wa’t it rapste wer mei syn boat oer de einstreek is. Mar bliksem Piebe, sa’t Gjalt altyd seit, ek dêr moast wol in bytsje doel oer silen ha om der wat fan te begripen. Seker ast allinnich lûd hast en gjin byld. Efkes wat termen út Gjalt syn wedstriidferslach.
“Snits kin 'm noch krekt oanrinne, mar moat no in slachje nei heger wâl ophelje. Drachten lit 'm even rinne en hâldt syn eigen wâltsje, stjoerboardswâl dus. Hy moat 'm even wat knipe, want der komme no allegearre foardewynse skippen oan. En dêr by de boppewynse tonne leit Akkrum te blabberjen, dy’t ‘m yn de lijte syld hat. Oh en De Jouwer krijt no in flinke pûster foar de kop.” No, snappe jo it dan noch?
No fiel ik my op en top Fries, mar ik snap dus net in sek fan al dy Fryske sporten. En dan is der mar ien remeedzje: it simpelwei sels ris dwaan. Op it kuorbalfjild yn Aldegea krigen wy in pear jier lyn keatsles. Sa dreech kin soks net wêze, tocht ik doe’t ik de keatsers dat lytse wite baltsje relaxed oertikjen seach. Mar allemachtich, wat is dat in alderôfgryslik lyts baltsje. En slimmer noch: wat is dat ding knoeperdhurd.
Ik wit noch presys hoe’t it gong. De keatsmaster sloech de bal op en ik stie klear om ‘m mei in prachtige boppeslach werom te huffen. Mar yn stee fan dat ik ‘m kreas mei myn keatsmof rekke, einige it finnige kring boppe op myn pols. Sear dat it die. Mar ik bin gjin mietje dus ik bleau laitsjen. By slach twa rekke ik de bal fûl mei myn lytse pinkje. Einde oefening. De rest fan de jûn ha’k mei it sneue hantsje ûnder de kraan sitten om te kuoljen.
Myn besykjen om sels ris te fierljeppen rûn twa jier lyn út op in swiere harsensskodding. En by it skûtsjesilen hie’k alle gelok fan de wrâld dat de skipper sa helder wie om de gyk tsjin te hâlden doe’t wy oerstaach gongen. Oars wie’k no letterlik al myn ferstân kwyt west. Mei oare wurden: Fryske sporten sels dwaan wie by my net sa’n sukses.
Mar gelokkich is der hoop. Want om foar te kommen dat der noch folle mear fan dy Fryske sport-stumpers lykas my bykomme yn de takomst, hat Sport Fryslân in programma opset mei de tapaslike namme ‘Fryske sport yn dyn klasse’. Skoallen dy’t meidogge krije in prachtich lespakket foar de bern fan groep 5 oant en mei 8. Sa krije se les oer it keatsen, it skûtsjesilen, mar ek oer it fierljeppen, de hynstesport en it reedriden. En net allinnich yn de klasse, mar ek op de maneezje, de fierljepskâns en it wetter. It giet nammentlik om trije saken: lear, doch en belibje.
Miskien moat ik dat lespakket ek alfêst mar opfreegje foar Super Woansdei takom jier. Kin’k my no al in bytsje ynlêze. En der sit boppedat ien Fryske sport tusken dy’t ik noch net besocht ha, mar dy’t my krekt past, sjoen myn lichaamlike talinten. Damjen Frysk spul, no dat kin dochs hast net mis gean.